Lambertus Hylkema 100 jier

JIRNSUM - Lambertus Hylkema fan Jirnsum is moandei 1 maart 100 jier wurden. De jubilaris is berne op 1 maart 1921, as âldste soan yn in boeregesin mei acht bern yn Koudum.

Hy krige kunde oan Gatske Miedema, mei wa’t er letter troue soem doe’t er him yn Heech ta wenjen sette. Yn 1951 binne se troud. Yn die tiid wie Lambertus arbeider by syn pake op ‘e pleats. Har trije earste bern komme ek yn Heech op ‘e wrâld.

Yn 1955 ferhuzet it gesin nei Haskerdiken om dêr sels boer te wurden op in moaie lytse pleats mei in pear kij. Stadichoan komme der mear kij en wurdt it in moai draaiend bedriuw. Net allinnich de feestapel wurdt grutter, ek de húshâlding nimt ta mei noch seis bern. Dit is Hylkema syn moaiste tiid west: genietsje fan it buorkjen en genietsje fan syn húshâlding. Tritich jier hat er op dit spultsje buorkje. Yn 1985 wie it moai west en is de pleats ferkocht, omdat der gjin opfolger wie.

Lambertus en Gatske ferhûzje nei Jirnsum. It doarp wie har net hielendal ûnbekend: se hienen al wat ferbining troch tsjerke, skoalle en ferienings. Se kamen te wenjen op in moai pleatske bûten it doarp wêr’t plak wie foar wat lyts fee lykas skiep, geiten, hinnen en sa mear. Hjir wie ek wat mear tiid foar leafhawwerijen as toaniel, bestjoersfunksjes, houtbewurkje/timmerwurk en it meitsjen fan karakterpoppen. Sy sette de poppen yn de klean, hy soarge foar de omballingen.

Wêr’t earder gjin mooglikheden wiene mei in eigen pleats en in grutte húshâlding, koe der no ek reizige wurde. Prachtiche fakânsjes ha se tegearre makke, suver hast de hiele wrâld oer. Mar sa stadichoan waard it wurk wat te folle, it hiem en de wenning te grut. De bern wiene allegear útflein en it tal pakesizzers groeide troch de jierren nei fyftjin.

Yn 2000 hawwe se it pleatske ferlitten en binne se tegearre ferhuze nei in bungalow yn de buorren. Wol wer mei in moai hiem en romte foar in blommetún en hintsjes. Hjir hawwe de twa ek noch genietsje kinnen fan in protte fytstochten en fan de fakânsjereizen: soms wol twa kear yn it jier. Hjir kaam yn 2010 in ein oan: Gatske waard slim siik en Lambertus moast allinne fierder. Dat foel net altyd mei, mar hy hat him der goed troch hinne slein. Sels iten klear meitsje en wask draaie, hy rêde him dermei.

It wurk yn de tún slagget no net mear en de fyts hat plak makke foar de skootmobyl. Sa kin de 100-jierrige op in moaie dei nochris in rûntsje meitsje. Hylkema rêdt him goed, mei hjir en dêr wat help. De bern en alle pakesizzers hoopje dat har heit en pake sa noch in moai skoftke by har bliuwt.