Mazzelshop Camping Totaal wint zeventiende Fryske Reklamepriis

Leeuwarden

De 17de Fryske Reklamepriis (FRP) is lêsten troch Nina Hiddema, tydlik direkteur Omrop Fryslân, útrikt oan Tabe Velink, direkteur Mazzelshop ‘Camping Totaal’. Dat barde mei in nijsgjirrige delegaasje op lokaasje.

Mei noch twa oare nominearren: fakânsjepark ‘Klein Vaarwater’ mei reklamespot ‘Magysk Amelân’ en Bistepark Landgoed Hoenderdaell yn Anna Paulowna, mei ‘De natuer kin sa moai wêze’, krige it spotsje ‘Foar écht goed materiaal’ fan Mazzelshop ‘Camping Totaal’ 67% fan alle publyksstimmen.

Eigner en direkteur Tabe Velink krige út hannen fan Nina Hiddema it Grutte Pierbyldsje en de oarkonde. Foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, Geart Benedictus oerlange de sjek mei in wearde fan €750,-.

Tagelyk is skepper en skriuwer fan it winnende reklamespotsje, Wilfried Bijma fan Merlin Producties nei foarren helle. Foar de tredde kear hat syn filmke de FRP wûn. In boppeslach!

Neffens de sjuery oer it spotsje: ,,Bysûnder dat it earst liket dat se spesjaal in caravanrace organisearre hawwe. Rou en rûch rydt Emiel Stoffers (ek oanwêzich en haadpersoan yn it filmke [jawis de foaroanman fan band De Hûnekop]) de race mei it Fryske plattelân as dekôr. Nijsgjirrich is it kontrast tusken it rûge earste part mei oanboazjende muzyk ta in hichtepunt en dan ûnferwachts jout Emiel him noflik del tusken alle wrakstikken yn. Neat is dêrby fergetten. It blomke op it taffeltsje makket it hielendal dien. Mei in swiere Fryske stimme (voice over) der oerhinne, sa te hearren streekrjoch fan it plattelân ôf plôke, wurket dizze spot beslist oansteklik, bliuwt hingjen en besoarget jin in glimlaits. Efternei wurdt dúdlik dat net samar keazen is foar no krekt in caravanrace.”

De Fryske Reklamepriis is yn it libben set om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe noch allinnich noch foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzereklamepriis útrikt.

It orizjinele libbensgrutte byld fan Grutte Pier is makke troch Anne Woudwijk en stiet yn Kimswert. By de FRP stiet it byldsje foar it selsbewust brûken fan it Frysk yn de kommunikaasje. It is mei de FRP in kwestje fan oanhâlde as storein mei Frysktalige reklames yn Fryslân, foar in grutte oermacht fan Hollânsktalige spots oer. It byldsje hat dan ek de útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik.


Auteur

Redactie