Toneelvoorstelling Pro Rege in 'de Kampioen' te Hijum

Hijum

Toanielselskip Pro Rege út Holwert spilet op sneon 3 febrewaris it blyspul ‘Komkommertiid’ yn 'de Kampioen' yn Hijum.

It stik is al mei in protte nocht en wille spyle yn Ferwert, Dokkum, Holwert en Hoarn, de resinsje fan de foarstelling yn Holwert fan 5 jannewaris yn de Dockumer Courant wie dan ek poerbêst; ‘heech nivo by Pro Rege’. Jo kin it dus sels sjen op 3 febrewaris. It begjint om 20.00 oere. De tagongspriis is €12,- p.p. Foarferkeap €10, -p.p. Jo kin reservearje fia toneelholwerd@hotmail.com of skilje nei 06-10417860. Reservear op tiid want fol is fol! It stik yn it koart: Jo nimme in âld wat ferrûn hotel op it plattelân, mei de nochal stive, úterst korrekte eigenaresse Josefien, en har persoanielslid Frits dy’t leaver lui as wurch is. Twa hotelkeamers mei in sletten tuskendoar mar wol mei in kaaisgat. Ferskate gasten werûnder Marion. Sy is op syk nei rêst om nei te tinken as se wol fierder wol mei de man wer’t se in ferhâlding mei hat. Hans en Claudia o sa fereale, en Gerrit en Marie dy’t in fakânsje wûn ha en foar it earst yn hun 25-jierich houlik op fakânsje binne..... Dan strúnt der ek noch sjoernalist Bert troch it hotel, op syk nei de perfecte foto. Dit alles soarget foar keamerferwikselingen, gnuvery troch kaaisgatten en de bemouisucht fan de eigenaresse. In jûn mei in grut oantal betizingen en bryke situaasjes dus it belooft wer in jûn te wurden mei in protte wille! Derneist is der in ferlotting. Mear witte oer ús as feriening as oer ús stik, sjoch dan ris op ús Facebookside ‘Toaniel Pro Rege’ of op ús webside www.toanielholwerd.nl

Auteur

Redactie