Roanielselskip Warten spilet Lamelos

Warten

Toanielselskip Warten bringt “Lamelos” op’e planken op freed 26 en sneon 27 jannewaris om 20.00 oere yn 'de Bidler' te Wergea.

It stik, basearre op de TV tillevyzjesearje Lunatik, spilet him of yn psychiatryske klinyk Lamelos. Dêr wenje in oantal pasjinten: de Majoar, Beppy, Fats, Wil, Dr. Doolittle en Mefrou de Haas. Wylst direkteur Onno him mei nammen dwaande hâldt mei jildsaken, soarget Suster Tialde derfoar dat de pasjinten harren pillen krije en fersoarget stazjêre Wil de kreative terapy. Wannear’t de pasjinten te hearren krije dat Lamelos har doarren slúte sil, wurd alles yn ’t wurk set om dit tsjin te gean. It stik is skreaun troch Tsjerk Kooistra en stiet ûnder rezjy fan Karin Epping Kaarten te bestellen fia tswarten@gmail.com.

Auteur

Redactie