Wat jo Wolle in Mantgum

MANTGUM

De foarstelling Wat jo Wolle (gjin Shakespeare) fan Tryater spilet woansdei 25 oktober om 20.00 oere om MFC De Wjukken.

Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: in jûn dêr’t elkenien krijt wat hy of sy graach wol. Tryater makket de ideale teaterjûn. Nóch mear as oars wurdt alles yn it wurk setten om it publyk it nei it sin te meitsjen. De ultime romantyske leafdessêne, in klucht mei doarren, in Fryske poëzyfoardracht of spektakel; alles is mooglik. It publyk kin foarôf oanjaan wat it graach sjen wol; de akteurs sille it spylje. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. It wurdt firtuoas, lykas in revu dêr’t fan alles yn foarby komt. Ynspirearre troch alle opfettingen en ideeën fan it publyk giet Tryater foar in ûnferjitlike jûn teater. Smout en smûk. En as it oan ús leit, komt dy ferlotting (mei ‘fette’ prizen) yn it skoft der ek.

Auteur

admin