Poetysk leafdesdrama in Doarpstún Snakkerbuorren

SNAKKERBUORREN

It iepenloftspul fan Snakkerbuorren spilet dizze simmer it poetysk leafdesdrama ‘In see fan lân’. De premjêre is op woansdy 5 july op de Doarpstún fan Snakkerbuorren.

As Simone in leechsteand doarpskafee op it Fryske plattelân keapet, hopet se har libben in nije rjochting te jaan. Se is yn Amsterdam opklommen ta in suksesfolle horekafrou, mar nei jierrenlang hurd wurkjen siket se rêst en romte. Mei har pubersoan Ruben – út in mislearre relaasje – beslút se nei Fryslân te ferhúzjen. Ek om wat te betsjutten foar har klanten en de mienskip. Yn it doarp wurdt se troch de befolking ynearsten mei entûsjasme ûntfongen, ek omdat de oername fan it kafee -mei boppeseal – de rêding foar it sosjale libben yn it doarp wêze kin. Mar dat feroaret as bliken docht dat Simone wat mei de folle jongere boeresoan Sjoerd krijt. Der groeit in djippe leafde tusken Sjoerd en Simone. Se lykje foarbestimd foar elkoar. Mar fine de doarpsbewenners dat ek? En Sjoerd syn heit en mem? Litte dy it libbensgelok fan harren soan foar de belangen fan harren boerebedriuw gean? De oare foarstellings binnen op 7, 8, 13, 14, 15 en 16 july. Oanfang: 21.00 oere. Mear ynformaasje: www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl.

Auteur

admin