Lecompte en Roorda op Midsimmerjûn

WYTGAARD

De Flaamske dichter Delphine Lecompte út Gent en de Fryske skriuwster Marije Roorda út Broek by Joure drage op sneon 24 juny foar út eigen wurk wilens de Midsimmerjûn van de Gerben Rypma Stichting fan Blauhûs. Wiebe Kaspersma en band slúte de jûn muzikaal ôf. Oanfang 21.00 oere

Delphine Lecompte wurdt sa njonkelytsen in grutte namme yn de literêre fermiddens. Hja krige yn 2010 de C. Buddingh priis foar har bondel ‘De dieren in mij’. Yn 2016 wie hja nominearre foar de VSB priis foar har bondel ‘Dichter, Bokser, Koningsdochter’. Marije Roorda is opgroeid op in pleats yn ´e omkriten fan Wytgaard, op dizze jûn presintearret hja har debútbondel in ‘Spantou om´e tiid’. Marije is al in tal fan jierren dwaande mei taal en dichtsjen, hja hat de Rely Jorritsmapriis wûn mei har gedicht ‘Wat opdage’. De muzyk wurdt fersoarge troch de jonge fryske muzikant Wiebe Kaspers mei syn band. Kaspers is drok dwaande in plakje te finen yn it Fryske muzykwrâldsje. Se sjonge Ingelske en Fryske teksten ‘dy’t hout snije’.

Auteur

admin