Teatrale lêzing nei de deadebetinking by Tryater

Teatrale lêzing nei de deadebetinking by Tryater

Bei ôfrin fan de deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert, op tongersdei 4 maaie, binne besikers om 21:00 oere wolkom by Tryater oan de Oostersingel 70. Dêr wurdt de teatertekst Voorbij het strijklicht fan Rebekka de Wit lêzen. De lêzing wurdt holden yn it ramt fan Theater Na de Dam, dêr’t akteurs fan de grutste toanielselskippen fan ús lân op itselde momint dizze nije tekst by presintearje.

Yn Ljouwert lêze akteurs fan Tryater de tekst yn it Frysk, mei as titel It strykljocht foarby. De oersetting is fan Romke Toering. It strykljocht foarby wurdt lêzen yn kombinaasje mei dielen út Het Onderzoek fan Peter Weiss, de dramatisearre werjefte fan de Auschwitzprosessen. Het Onderzoek wurdt yn it Nederlânsk foardroegen. Reservearje kin fia kaarten@tryater.nl. De tagong is fergees. Besikers fan de deadebetinking kinne út de Prinsetún wei mei in meiwurker fan Tryater meirinne nei de lêzing.

Auteur

Redactie