Koarenfestival yn Bitgummole

BITGUMMOLE

In koarenfestival sil op freed 3 maart (om 19.45 oere) plak fine yn de PKN tsjerke.

Mar leafst 5 koaren wurkje mei en dogge har bêst om der in moaie jûn fan te meitsjen. De dielnimmers binne: in mannenkoar Sjongendewiis fan Berltsum; in bernekoar fan Minnertsgea; in gospelkoar Telling Voices fan Minnertsgea; popkoar FromUs fan Dronryp en de kr.sjongferiening Halleluja fan Bitgummole. In hiel ferskaat oan koaren mei elk har eigen sjong- en repertoir-styl. Dat belooft in ôfwikseljend program te wurden. De tagong is fergees!

Auteur

Redactie