Fryske jûn yn Tresoar: Swalk op herhelling

LJOUWERT

Tresoar hat yn septimber foar de tredde kear Swalk Frysk op toernee organisearre. Dit jier wie it Fryske multymediaspektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen rûnom yn Fryslân te sjen en te hearren.

Omdat it waar doe eins te moai wie om binnendoar te sitten, is der besletten om it programma noch ien kear sjen te litten, foar minsken dy’t it yn septimber ûntkaam is. It Swalktema dit jier wie ‘brieven’, fanwege it Kadoboek Neiskrift, in brieveboek skreaun troch Marga Claus en Aggie van der Meer. It skriuwen fan brieven is yn it totaalprogram fan Swalk ferwurke, en der binne opnames fan Geart Tigchelaar, Elmar Kuiper en Winfried Bruinsma mei moai steds- en natoerbylden. Fierders de ‘making of’ fan it Kadoboek ‘Neiskrift’ fan Marga Claus en Aggie van der Meer en fan it ‘Aksjeboek foar bern ‘Wapper’makke troch Yke Reeder. De band ‘Wiebe’ fersoarget de muzyk en Wybo Smids en Jan Tiede Bouma ha de lieding fan dit Swalkoptreden. By it optreden yn Tresoar is der in live optreden fan de Ljouwerter dichter Arjan Hut oer syn nijste dichtbondel ‘Aurora bossanova’, dy’t elk momint útkomme kin. Ekstra dizze jûn is in film oer twa tekeningen dy’t keunstneresse Tsjimk Scarse makke hat spesjaal foar it tema ‘Brieven’. Neist de ferkeap fan Fryske boeken, sil der ek in ferslach wêze fan hoe’t de presintaasje fan Fryske boeken gien is op de Frankfurter Buchmesse. En de priis fan de moaiste slúf wurdt útrikt oan de winner fan de wedstryd sluvetugen/envelop pimpen.  In nijsgjirrige, ôfwikseljende jûn foar elk dy’t fan Fryske boeken hâldt, of dêr mear fan ôfwitte wol. Wêr: Tresoar Wannear: 16 novimber 20.00 oere Tagong: € 5,00 Opjaan fia: ynfo@tresoar.nl of tel.: 058.- 789 076 40 of 058 – 789 07 92

Auteur

Redactie