Sjonge mei Hindrik van der Meer

LJOUWERT

Op sneintemiddei 22 maaie om 16.00 oere is der yn de Mennistetsjerke, Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert in 'Sing Inn'.

It Kwartettekoar sil dan ûnder de besieljende lieding fan Hindrik van der Meer mei it publyk bekende en minder bekende lieten sjonge. Dit bart om’t it Kwartettekoar dan 10 jier bestiet! Doelstelling fan it Kwartettekoar is om nije fryske lieten en teksten te sjongen yn tsjerke en der bûten. By it fieren fan ús jubileum kin dêrom it sjongen ek net ûntbrekke. Jo binne fan herte wolkom om in oerke mei ús te sjongen.  

Auteur

Redactie