Tsjerketsjinst mei as tema 'In Skûlplak'

JORWERT

Op snein 1 maaie wurdt yn it dekôr fan it toanielstik 'Skûlje yn Jorwert' in tsjerketsjinst hâlden mei as tema 'In Skûlplak'.

Ds. Hinne Wagenaar sil yn de preek/taspraak yngean op it boek fan syn foargonger ds. Bas van Gelder (Nachtboek van een kerkuil) en it toanielstik Skûlje yn Jorwert troch J&M teaterwurk. Omdat de oarder fan de befrijingstsjinst (fan 19 april 1945) én de preek fan ds. Van Gelder bewarre bleaun binne, sil yn dizze tsjinst foar in part deselde lieten en Bibelteksten brûkt wurde as doe. De tsjinst krijt op dizze wize in wat histoarysk karakter, mar tagelyk sil ds. Wagenaar yngean op de hjoeddeistige situaasje fan tsjerke en maatskippij. Foar de gemeente Westerwert en it pioniersplak Nijkleaster is de noasje fan in 'Skûlplak' tige wichtich. De link nei hjoed de dei kin daliks lein wurde. Ek stiet dizze tsjinst yn it kader fan de besinning op deadebetinking en befrijingsdei. It wurdt in koarte gearkomst fan sa'n 45 minuten mei inkelde lieten, in pear teksten, in taspraak en in gebed. De muzyk wurdt fersoarge troch Hindrik van der Meer. Kofje (en tee) nei de tiid. Eltsenien is fan herte útnoege foar dizze tsjinst, ek wannear't jo net wend binne om nei tsjerke te gean. Wy wolle besykje ynklusyf en tagonklik te wêzen. Tsjerke fan Jorwert/ Gemeente Westerwert (mei Nijkleaster) Foargonger: ds. Hinne Wagenaar Muzyk: Hindrik van der Meer Snein 1 maaie om 09.30 Taal: Frysk

Auteur

Redactie